Bussen moatte hurder ride meie

© Omrop Fryslân
Streekbussen moatte tastimming krije om op 'e autodyk hurder as 80 kilometer yn de oere te riden. Dat is de miening fan ferfiersbedriuw Arriva. Minister Pronk (VROM) hâldt fêst oan de jildende limyt.
Arriva wol dit jier in proef hâlde op de Ofslútdyk en de autodyk tusken Grins en Lelystêd. Neffens it bedriuw kinne bussen hurder ride sûnder negative gefolgen foar ferkearsfeilichheid en miljeu.