Sybesma: ''Elts yn 'e DNA-bank''

© Omrop Fryslân
Der moat gau in databank komme mei de DNA-gegevens fan alle Nederlanners. Dat seit boargemaster Haye Sybesma fan Kampen. Mei sa'n databank wurdt it oplossen fan slimme misdriuwen, lykas de moard op Maartje Pieck, folle makliker.
Sybesma, âld boargemaster fan Dongeradiel, is foarsitter fan Slachtofferhelp Fryslân. Mei syn útspraken wol er in diskusje op gong bringe oer in databank.