Nije ynrjochting bosk fan Ypey

© Omrop Fryslân
De earste fase fan it útwreidingsplan Groot Vijversburg by Tytsjerk is freed presintearre. Sintraal yn it plan stiet in nije yngong fan it park (bosk fan Ypey) en in nij parkearplak.
It nije parkearplak komt by de wyk Woelwyk. Dat soarge by bewenners earst foar wat opskuor, om't hja bang wienen foar oerlêst en minder útsicht. Mei it úteinlike plan soe elkenien tefreden wêze.