Mear jild foar Frysk ûnderwiis?

08 sep 2000 - 18:12

Minister Hermans hat tongersdei mei deputearre Mulder praat oer de finansiering fan it ûnderwiis yn it Frysk.

Neffens wurdfierdster Bos fan Hermans wie it in konstruktyf petear. It ministeary sil de provinsje yn in pear wike tiid in nij foarstel dwaan. De reis fan Mulder nei Zoetermeer wie nedich omdat de amtners fan provinsje en ministeary der yn it foaroerlis net útkamen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)