Fideokeunst-festival begjint

© Omrop Fryslân
Yn teater Romein en Museum Smellingerlân is oant en mei 23 septimber fideokeunst te sjen. Oan it festival MediArt dogge tsien keunstners mei.
It is de bedoeling dat MediArt in jierlikse tradysje wurdt. De dielnimmende keunstners komme út Australië, Dútslân, Hongkong, Japan en Poalen. Twa keunstners, Lin de Mol en André de Jong, ha op fersyk fan MediArt in tape makke.