NLTO wol legere diselpriis

© Omrop Fryslân
De NLTO pleitet foar legere aksijnzen op de diselpriis. De ôfrûne moannen binne de prizen foar diseloalje flink omheech gien. De agraryske sektor hat dêr problemen troch krigen.
De lânbou hat as ekstra neidiel dat de hegere kosten net troch te berekkenjen binne yn de ferkeap fan de produkten. De NLTO wol dat de diselpriis omleech giet of dat de sektor kompensearre wurdt.