Faber kachels yn Ierske hannen

08 sep 2000 - 10:09

It Ierske bedriuw Glen Dimplex hat kachelfabryk Faber út Ljouwert oernommen. Faber wie ûnderdiel fan ATAG, mar dat bedriuw gie earder fallyt.

Faber is tefreden oer de ferkeap oan Glen Dimplex. Alle meiwurkers kinne oan it wurk bliuwe. Ek ferwachtet Faber mei it nije memmebedriuw mear kachels yn it bûtenlân te ferkeapjen. Faber sil yn 2001 ferhúzje nei It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)