Hearrenfean lit winst lizze

08 sep 2000 - 08:41
Foto: Omrop Fryslân

Fuotbalklub Hearrenfean hat woansdei op it lêste momint de winst ferspile by Twente. De wedstriid einige yn 2-2.

Twente sette fûl út ein en wie Hearrenfean earst de baas. De klub kaam op in 1-0 foarsprong, mar nei de rêst diktearre Hearrenfean de saak. Radomski makke gelyk, Lurling soarge foar de foarsprong. Flak foar de ein makke Twente gelyk. Fiif Hearrenfeaners krigen giel.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)