Gemeente wol net ta de beurs

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân wegeret in miljoen gûne te beteljen foar de oanlis fan de as Dokkum-Nijegea. It oanlizzen fan de dyk kostet 270 miljoen. Sân omlizzende gemeenten moatte dêrfan 57 miljoen op it kleed lizze.
De fjouwerbaansdyk soe te min geunstich effekt ha foar Kollumerlân. De gemeente is bang de boat te missen wat wentebou en ekonomyske ûntjouwing oanbelanget.