Seis kear legionella oantroffen

06 sep 2000 - 14:16

Seis Fryske swimbaden en sauna's moatte ticht om't se besmet binne mei de legionellabaktearje. De provinsje ûndersocht 57 gelegenheden op de baktearje dy't de feteranesykte feroarsaket.

It giet om it swimbad yn Hotel Skylge, De Griend op It Hearrenfean, Bloemketerp yn Frjentsjer en De Stiennen Flier op De Jouwer. Sauna De Woudfennen yn Skarsterbrêge en Sauna Sneek moasten ek ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)