Doarp wol net fierder opskowe

05 sep 2000 - 18:57

Ynwenners fan Boarnburgum hawwe skjin harren nocht fan de anneksaasje fan Drachten. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch snobbet de groeikearn hieltyd mear grûn ôf fan it 500 huzen tellende doarp.

Jongste bedriging is it nije Frysk Hynstesintrum. Dêrfoar moat de doarpsgrins op 'e nij ferlein wurde. Tiisdeitejûn praat de gemeenterie fan Smellingerlân oer de kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)