Miljeu-boeren wolle mear jild

© Omrop Fryslân
Boeren dy't miljeufreonlik buorkje en omtinken hawwe foar de natuer en foar it wolwêzen fan it fee wolle de ekstra ynspannings omset sjen yn jild. De NLTO krijt dêr ek hieltyd mear fragen oer fan boeren.
Yn de Stellingwerven is al in groep fan 17 boeren, mei de namme Gagelfenne, dy't mei Friesland Coberco Dairy Foods prate wol oer in ferheging fan de molkpriis.