Miljoenen foar Jouster fabryk

05 sep 2000 - 16:57

It tabakskonsern Imperial Tobacco ynvestearret 40 miljoen gûne yn it it tabaksfabryk op 'e Jouwer. Ein dit jier wurdt De Jouwer it haadkantoar fan de shag-divyzje, dy't ûnder oaren de merken Drum en Van Nelle makket.

De miljoenen wurde brûkt foar it ferbetterjen fan de produksjetechnyk. Dat betsjut mear wurk foar minsken mei in hegere oplieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)