Dik ferlies foar Cambuur
Cambuur rûn moandei yn 'e tredde kompetysjewedstriid foar de earste divyzje tsjin dik ferlies op. Yn stadion De Lange Leegte krigen de Ljouwerters in leske yn doelpunt meitsjen fan Veendamspits Ivan Tzvetkov.
Troch it 4-1 ferlies is Cambuur fan in fjirde nei in njoggende plak yn 'e ranglist sakke. Cambuurspits Jan Bruin foel nei trije kertier blessearre út.