Stevige groei ledetal COC

© Omrop Fryslân
It giet goed mei COC-Fryslân. It ledetal naam de ôfrûne tiid mei 20 persint ta oant 206. Neffens foarsitter Grossnickel is der yn Fryslân dúdlik ferlet fan in organisaasje dy't it foar homo's en lesbiënnes opnimt.
De nije leden binne hiel ûngelyk yn leeftyd. Der binne pubers by, mar ek troude minsken dy't der op âldere leeftyd achter komme dat se 'ek sa' binne.