Basisskoallen sette wer út ein

© Omrop Fryslân
As lêste fan Nederlân binne moandei de skoallen yn it Noarden wer begûn. Feilich-ferkearsorganisaasje 3VO wol it ferkear dêrop attendearje mei de bekende spandoeken 'Wij gaan weer naar school'.
It is lykwols de fraach hoefolle effekt de spandoeken hawwe. Se hingje al sûnt trije wike. Doe setten de skoallen yn it suden út ein, mar wie it hjir noch folop fakânsje.