Barkukken saaie troch showroom

04 sep 2000 - 16:04
Foto: Omrop Fryslân

In lilke klant hat sneon by in garaazje yn Dokkum in ravaazje oanrjochte. De 52-jierrige Hjerbeamer wie sa poer dat er yn 'e showroom in barkruk oer de bar saaide. Mei in twadde barkruk smiet er in spegelrút yn in doar oan diggels.

Troch it akkefytsje rekke boppedat in auto skansearre. De barkruksmiter naaide nei syn die út. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)