Steuring wetterlieding Drachten

04 sep 2000 - 14:40

Ynwenners fan Drachten hawwe sneintemoarn troch in steuring yn it liedingnet twa oeren sûnder wetter sitten. In transportlieding by de wettertoer op it yndustryterrein wie sprongen.

It is noch net dúdlik wat krekt de oarsaak is. Mooglik hat it wat te krijen mei oare wurksemheden yn it plak. Nei oanlieding fan 'e steuring binne hûnderten klachten by NUON ynkommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)