Harkemase Boys bûge foar VVOG
De fuotballers fan VVOG út Harderwijk wiene sneon Harkemase Boys dúdlik oermânsk. De Friezen moasten it op eigen terrein mei in 1-3 ferlies ôflizze tsjin de gasten.
VVOG is dúdlik in topper yn 'e haadklasse C, sa joech Boys-debutant Lútsen Hoogenberg ta. De Friezen hawwe noch nea gelykspile tsjin VVOG, lit stean wûn.