Draakjefleanfestijn yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten wurdt dit wykein in grut draakjefleanfestijn hâlden. Fyftich dielnimmers út binnen- en bûtenlân litte harren keunsten sjen.
Der wurde boppedat wedstriden hâlden dy't meitelle foar it NK solo- en it teamdraakjefleanen. Iennige spulbrekker kin it waar wêze. By tonger kin it draakjefleanen net trochgean. It festijn duorret noch oant en mei snein