Soad skiep op merk Tsjummearum
Hannelers út it hiele lân kamen sneon ôf op 'e jierlikse feemerk yn Tsjummearum. Troch kowesykten lykas BSE is der de lêste tiid minder animo foar jiermerken. Ferline jier drige de merk yn Tsjummearum dêrom net troch te gean.
Wat skiep oanbelanget is de merk yn Tsjummearum ien fan 'e grutsten fan it Noarden. Der binne ek kij, hynders en lytsfee te keap.