Sutelaksje set útein
Yn Stiens is tradisjoneel it startskot jûn foar de jierlikse Sutelaksje fan It Fryske Boek. Boargemaster Vroegindewey krige it earste eksimplaar fan aksjeboek Kattekwea en bargetriennen.
De boekebussen en kroaden ride oant 21 oktober troch Fryslân. Sa'n 1800 frijwilligers sille yn 't spier foar de sutelaksje. Ek binne der 14 kulturele jûnen mei Fryske skriuwers.