Gjin toskedokter foar asylsikers
De toskedokters yn en by Appelskea kinne de asylsikers dy't nei it doarp komme net as pasjint hawwe. Har praktiken sitte al fol, sadat se net noch mear minsken behannelje kinne. Neffens it COA giet it allinnich om needhelp.
Yn Appelskea komt meikoarten opfang foar 500 asylsikers. It COA oerwaget no om in spesjale toskedoktersbus yn te setten.