Untsnapte ko swimt kanaal oer

01 sep 2000 - 19:31

In ûntsnapte ko is freed yn Ljouwert it Van Harinxmakanaal oerswommen. It bist wie útnaaid fan 'e feemerk yn it FEC. De plysje hie de Hendrik Algrawei ôfset om him te fangen.

Op in stuit waard er sjoen yn 'e Swettestrjitte. De plysje besocht it bist mei in ferdôvingsskot ûnder kontrôle te krijen. Pas nei it twadde skot joech de ko him oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)