Nij dak foar Infirmerie

© Omrop Fryslân
In lyts twa jier nei de brân kriget de Infirmerie yn Ljouwert no dochs in nij dak. It keunstsintrum by de Prinsetún baarnde yn novimber 1998 ôf, flak nei de iepening. Al dy tiid hat der in needdak op sitten.
Yn De Infirmerie moat yn 2002 in nij sintrum foar byldzjende keunst komme. Dat is in inisjatyf fan de Keunstútlien, Keunstwurk en Fryske keunstners.