Húsarts Skier net registreard

© Omrop Fryslân
Ien fan de twa húsartsen dy't koartlyn op Skiermuontseach begûn is, stiet net offisjeel registreard as arts. Neffens de soarchfersekerder is er syn registraasje kwytrekke, om't er de lêste fiif jier net mear as húsarts wurke hat.
De man moat no op 'e nij in ferkoarte universitêre oplieding folgje. Ek mei er allinnich ûnder superfyzje fan in oare húsarts wurkje.