Twa Drachtsters omkommen

01 sep 2000 - 11:02
Foto: Omrop Fryslân

Twa Drachtster manlju fan 72 en 74 jier binne woansdeitejûn omkommen by in ûngelok yn Steenwijk. De manlju stutsen op de fyts de krusing fan de Ruxveenseweg en de Steenwijkerweg oer doe't se skept waarden troch in auto fan rjochts.

Ien fan de manlju stoar fuortendaliks. De oare waard nei it sikehûs brocht, dêr't er letter stoar. De automobilist kaam út Paasloo.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)