Snits helpt mei 'Arbeidskracht'
De gemeente Snits hat yn gearwurking mei in útstjoerburo it projekt 'Arbeidskracht' opstart. Mei dit projekt meitsje minsken dy't oars yn 'e bystân komme, kâns op in nije baan.
'Arbeidskracht' foarsjocht ek yn in treningsprojekt foar minsken dy't net fuortdalik oan 't wurk kinne. Boppedat siket Snits in oplossing foar berneopfang en ferfier nei it wurk.