Boarnburgum wol grûn net kwyt

31 aug 2000 - 13:27

Boarnburgum wol net noch mear grûn kwyt oan Drachten. As it oan B en W fan Smellingerlân leit, komt de grûn dêr't it nije Fryske hynstesintrum op stiet by Drachten. Dat soe better wêze foar de nammebekendheid.

Doarpsbelang fan Boarnbugum fielt dêr neat foar. Foarsitter Heesen wol in provinsjale diskusje oer it belang fan doarpsgrinzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)