Foarskot foar eksposysjes

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten hawwe grien ljocht jûn foar in wiziging fan de Regeling Exposities Musea. De feroaring hâldt yn dat de 4 musea dy't troch de provinsje subsidiearre wurde, in foarskot krije foar it ûntwikkeljen fan eksposysjes.
It Frysk Museum, it Skipfeartmuseum, it Lânboumuseum en it Natoermuseum fine de wiziging nedich om't se oars yn finansjele problemen komme kinne.