Bettere miljeukontrôle nedich

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân moat ôffalbedriuwen better kontrolearje. Mei dy útspraak reagearret Donders fan de oerkoepeljende organisaasje foar ôffalferwurkingsbedriuwen op deputearre Mulder.
Mulder wol dat bedriuwen tenei in bankgarânsje fan 5 oant 10 miljoen gûne ôfjouwe. Neffens Donders moat de provinsje har wurk better dwaan en oertreders fuortdaliks straffe.