Brommerrider sleat ynjage

30 aug 2000 - 12:17
Foto: Omrop Fryslân

In 16-jierrige jonge út Drylts is tiisdeitenacht mei syn brommer yn in sleat bedarre ûnder Wjelsryp. De brommerrider waard opjage troch in 21jierrige automobilist út Wjelsryp dy't flak achter him ried om't er lilk wie dat de brommer op 'e dyk ried.

De brommerrider doarst doe net ôf te remjen en ried yn in bocht rjochttroch de sleat yn. Hy rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)