Twatalige buorden Seelterlân

© Omrop Fryslân
Seelterfriezen hawwe sûnt koart ek twatalige plaknammebuorden. Yn trije doarpen flak oer de Dútse grins wurdt noch de âlde Fryske taal praat.
It bûnslân Niedersachsen folget dêrmei it Europeeske hânfêst foar Minderheidstalen op. Dútslân hat dat mei ûndertekene. It hânfêst is ynsteld ta beskerming fan 'e lytse talen. De Noardfriezen hawwe al twatalige buorden.