Tsjinslach nij gemeentehûs

© Omrop Fryslân
Op 'e nij in tsjinslach foar de gemeente Dongeradiel by de plannen foar in nij gemeentehûs. Ljouwerter arsjitekt Vegter is tsjin de sloop fan it belestingkantoar. Dat gemeente wol dat slope yn ferbân mei de nijbou fan it gemeentehûs.
It belestingkantoar is yn de jierren 70 troch Vegter ûntwurpen. Dy fynt dat it gebou stean bliuwe moat. Hy beropt him dêrby op in soarte fan auteursrjocht.