Burgumers ljeppe it fierst
By it NK fierljeppen op De Jouwer ha sneon Burgumer ljeppers foar master opslein. Piet Scherjon (jonges; 15.14 m.), Ale Hoekstra (junioren; 17.14) en Johanna Tinga (froulju; 14.40) easken de titel foar har op. Tinga die dat mei har lêste sprong.
By de manlju wûn ek in Fries, hoewol't der mear 'Hollanners' yn de finale stienen. Marcel Nijboer sprong 17.95.