Cambuur gelyk tsjin Zwolle
Cambuur hat sneon syn twadde kompetysjewedstriid gelyk spile tsjin FC Zwolle. Yn Ljouwert waard it 1-1. Cambuur kaam yn de seisde minút op foarsprong troch in doelpunt fan Gesthuizen. Noch foar it skoft kaam Zwolle op 1-1 troch Den Dunnen.
Foaral yn 'e twadde helte liet Cambuur kânsen lizze. De Ljouwerters ha 2 punten minder as koprinner Go Ahead Eagles.