Botulisme yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is botulisme fêststeld yn de wyk Bilgaard. It wetterskip hat in deade ein fûn dy't mei de sykte besmet is. Ek by de Bonkefeart binne deade bisten fûn. It giet dêr om tsien deade einen en twa deade seefûgels.
It wetterskip advisearret minsken dy't yn iepen wetter swimme om út te sjen nei deade bisten. Botulisme komt benammen foar yn stilsteand wetter by waarm waar.