Selstraf easke tsjin 'seksagint'

© Omrop Fryslân
Tsjin in plysjeman (55) út Easterwâlde is seis moanne selstraf easke foar de Ljouwerter rjochtbank. De man hie yn wurktiid faak seks mei froulju yn hotels. Boppedat makke de man dêr films fan dy't er letter wer ferkocht.
De man wie sels net op de sitting oanwêzich om medyske redenen. It iepenbier ministeary nimt de saak heech op omdat plysjeminsken 'ynteger' hearre te wêzen.