Hunter wint etappe yn Fryslân

25 aug 2000 - 11:15

De tredde etappe fan de Ronde fan Nederlân, dy't tongersdei troch Fryslân gie, is wûn troch de Súd-Afrikaan Robert Hunter. It wie syn twadde sege en hy hâldt de oranje liederstrui.

De etappe oer 91 kilometer gie fan Boalsert nei Ljouwert. Der wie in soad publyk op ôfkaam. Middeis folget noch in yndividuele tiidrit oer 19,7 kilometer mei start en finish yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)