Aksje foar weromreis Lassie
Keunstner Joris Collier fiert aksje foar syn eksoatyske fûgelspin Lassie. It bist moat werom nei syn heitelân Bolivia en dêr is jild foar nedich. De keunstner wol fan 'e weromreis in dokumintêre meitsje.
De Ljouwerter keunstner kocht de spin in pear jier ferlyn. Hy hie him nedich foar in performance. Donateurs wurde beleanne mei in seefdruk fan 'e keunstner.