Oanslach op jongeren

23 aug 2000 - 20:48

Yn Bakhuzen is freedtejûn mei in molotovcocktail in oanslach pleegd op in groepke jongeren. It ploechje siet op in terras by in kafee, doe't er út in foarbyridende auto in flesse mei benzine tsjin de gevel oansmiten waard. Nimmen rekke ferwûne.

Belutsenen tinke dat de oanslach te meitsjen hat mei in rúzje fan de Bakhústers, tongersdei yn Koudum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)