Molotov-fertochten noch fêst

© Omrop Fryslân
De trije Starumer fertochten yn de Molotov-saak Bakhuzen bliuwe seker noch tsien dagen fêstsitten. Tiisdei binne se foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy sei dat 'het gepleegde feit de rechtsorde ernstig heeft geschokt'.
De trije manlju smieten ôfrûne freed in Molotovcocktail, in flesse bensine en in brânend lont op in terras yn Bakhuzen. De stekflam hat nimmen ferwûne.