Te min frijwilligers foar bern

© Omrop Fryslân
De berneboarterswike yn Kollumerlân hat in tekoart oan frijwilligers. De organisaasje die ferskate oproppen fia kranten en skoallen. Der kamen 15 op ôf. Oan de tredde edysje dogge santich bern mei.
De berneboarterswike is in idee fan it asylsikerssintrum en Stichting Wolwêzen yn Kollum. It tema is 'Dyn eigen lân'. De bern bouwe flotten en hutten yn de buert en fiere in toanielstik op.