Friesland Bank buorket goed

21 aug 2000 - 16:35

De Friesland Bank hat in prima earste healjier hân. De bank makke moandei de sifers bekend. Der wie op 'e nij in hege groei yn alle bedriuwsûnderdielen.

De nettowinst fan it bedriuw is 50 prosint heger as de winst fan foarich jier oer deselde perioade. De Friesland Bank ferwachtet dan ek dat it bedriuwsresultaat oer it hiele jier 2000 neffens foarich jier folle heger útkomme sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)