Polder op 'e nij ynrjochte

21 aug 2000 - 10:33
Foto: Omrop Fryslân

It Fryske Gea sil kommende hjerst it nij oankochte Talsma-polderke by Swarteweisein op 'e nij ynrjochtsje. It is no noch in djipûntwettere greidegebiet. Dat bliuwt it ek, mar dan biologysk bebuorke en spesjaal bedoeld foar de greidefûgels.

Der wurde grutte sleatten groeven en it wetterpeil giet neffens distriktshaad Louis Dijkstra wol in meter omheech.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)