Radio Caroline op Veronicaskip
Radio Caroline hat sneon de hiele dei útstjoerd yn Ljouwert, fan it âlde Veronicaskip ôf. Belangstellenden koene even lânskomme om te sjen hoe't radio makke wurdt.
Mei de útstjoering besocht Caroline nije leden te winnen. As der jild genôch is wol de radio wer de loft yn fia de middengolf. Sûnt sneon is Caroline ek op ynternet te finen.