De alve stêden fytse yn 4 dagen

© Omrop Fryslân
Sawat 1500 minsken dogge tiisdei mei oan de alvestêde-fytsfjouwerdaachse. It evenemint wurdt fan 't jier foar de tredde kear holden.
Sintraal punt yn de fjouwerdaachse is Snits. De dielnimmers komme dêr alle dagen werom. De earste dei is ek de swierste. Dan moatte de dielnimmers 100 kilometer ôflizze nei ûnder oaren Dokkum en Ljouwert.