ATF-brân wól skealik

© Omrop Fryslân
By de brân by ATF yn Drachten is wol gegefaar ûntstien foar de folkssûnens. Dat seit heechleraar Reijnders fan de UvA op basis fan in RIVM-rapport oer de brân.
Neffens Reijnders hat boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân sûnder grûn sein dat er gjin gefaar wêze soe. Benammen de konsintraasjes benzeen en tolueen ha te heech west. Van der Zaag neamt de wurden `krityk efterôf'.