Nei 18 jier dik winner
Huisman waard mei rjocht de winner by de IFKS. Hy wûn fjouwer fan de sân wedstriden, mar moast der oant sneon foar sile om't er op de earste dei straf krige. It is syn earste klassemintswinst, nei 18 jier silen.
Yn it klassemint waard Jitze Grondsma twadde en Tony Brundel tredde. Siete Meeter, Henk de Vries en Willem Timmer degradearje.