Yn heger berop om ynformaasje

19 aug 2000 - 15:00

De famylje Vaatstra út De Westerein giet yn heger berop tsjin de wegering fan it iepenbier ministearje om ynformaasje te jaan oer har fermoarde dochter Marianne.

Yn it ramt fan de wet iepenbierheid fan bestjoer wol de famylje ynsjoch krije yn de dossiers. It giet benammen om de tsjûgeferklearringen, it seksjerapport en de arrestaasje fan in fertochte. In earder fersyk om ynsjoch waard ôfwiisd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)